Frisseljende rivier

Frisseljende rivier de Waimakariri op it Sudereilân yn Nij-Seelân
De White River yn de steat Washington, Feriene Steaten

In frisseljende rivier of flechtsjende rivier is in soarte rivier dat him ûntjout yn de bopperin fan it ôfwetteringsgebiet fan in rivier. De rivier is foarme troch in nust lytse kanalen dy't yninoar oergean en inoar kruse, as stringen yn in frissel. Tusken dy lytse kanalen yn binne tydlike eilantsjes.

In frisseljende rivier is in ûndjip wetter mei in grutte streamfaasje. Sediminten wurde troch it wetter oanfierd út it efterlân wei en troch de hege faasje fan it streamen bliuwe faak de swierste en groumoalige kerrels lizzen. Mul stof wurdt ferfierd nei fierdere parten fan it ôfwetteringsgebiet fan de rivier en foarmet it swiere sedimint in meänderjende rivier. Tichter by wurdt sedimint ferfierd yn púnwaaiers, dêr't de mulste kerrels (rotsblokken en grou grind) ôfsetten wurde.

Púnwaaiers wurde skaaimerke troch mear sedimint as wetter. Yn frisseljende riviersystemen fynt mear wetterôffier plak. Dochs is de hoemannichte ferfierd sedimint grutter as de hoemannichte wetter, dêrtroch't de rivier frisseljende kanaaltsjes foarmet, om't it wetter troch it ôfsetten sedimint "blokkearre" wurdt.

Frisseljende rivieren komme foar op plakken dêr't it delgean fan it lân sa grut is dat it rivierwetter hurd streamt. Sadwaande foarmje frisseljende rivieren de bopperin fan meänderjende rivieren. Frisseljende rivieren binne ornaris yn de leger lizzende parten fan berchgeaen en yn de omkriten fan gletsjers te finen. Dêr wurde se foarme om't de hoemannichte wetter ûnregelmjittich oanfierd wurdt en sa mear sedimint yn de rivier terjochte komt. Ek yn drûge geaen komme frisseljende rivieren foar.


Developed by StudentB